Schuil troch yn Berlyn

Beachvolleyballer Richard Schuil docht it goed op it grandslamtoernooi yn Berlyn.
Beachvolleyballers Richard Schuil fan Ljouwert en Reinder Nummerdor binne troch nei de folgjende omgong fan it grandslamtoernooi yn Berlyn.
It duo wûn freed de twadde groepswedstryd fan it sterke Braziliaanske koppel Luiz en Araujo. It tredde groepsduel wie in kadootsje foar Schuil en syn partner, omdat de Eastenrykse tsjinstanners ferstek lieten gean yn ferbân mei in blessuere.