Prorail dwers by ekstra trein

13 jul 2007 - 16:53
  • der moatte mear treinen tusken Ljouwert en Snits ride

Spoarbehearder Prorail leit dwers by de plannen foar ekstra treinen op it trajekt Ljouwert-Snits. Gemeente, provinsje en ferfiersbedriuw Arriva wolle dat der tenei trije treinen ynstee fan twa yn 't oere ride.

Arriva hat al in opsje nommen foar de oankeap fan ekstra treinen, mar dy rint ein dit jier ôf. Dêrnei wurde de treinen djoerder. De provinsje sil hjir takom wike mei Prorail oer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)