Perrons moatte ferhege

13 jul 2007 - 16:46

De Fryske perrons moatte nei de simmer ferhege wurde. Dat wol de provinsje Fryslân. Mei de komst fan de nije Spurt-treinen soene de perrons troch spoarbehearder ProRail ferhege wurde. Sa kinne handikapten sûnder help yn en út de trein komme.

De treinen ride al in skoft, mar oan de perrons is noch hieltyd neat dien. De provinsje sil no takom wike mei ProRail om 'e tafel om de druk op te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)