Jehova's yn Thialf

13 jul 2007 - 15:53

Yn Thialf binne dit wykein 7000 Jehova's foar it distriktskongres. Trije dagen lang sjonge, bidde en preke se op It Hearrenfean. It is it earste distriktskongres. Der komme 13 byienkomsten yn it lân. Mear as tûzen frijwilligers ha fan woansdei ôf drok dwaande west mei de tariedings. De hotels dogge goede saken om't de measte besikers ek oernachtsje.

It giet goed mei de Jehova's. Har ledetal is dit jier tanaam ta 30.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)