Nije brêge foar De Jouwer

13 jul 2007 - 14:58

Op 'e Jouwer komt tusken de wenwiken Skipssleat en Wyldehoarne in bysûndere fytsbrêge. Hy wurdt goed 70 meter lang en bestiet út hout en stiel.

De nije brêge moat soargje foar in ferbining mei it sintrum fan it doarp oer de sintrale wetteras. Yn de kommende moannen wurdt it ûntwerp foar de brêge fierder útwurke en yn oktober wol de gemeente begjinne mei de bou. De brêge kostet 300.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)