52 miljoen foar wurk jongeren

11 jun 2014 - 12:50

De ynvestearring fan nochris 52 miljoen euro yn de noardlike ekonomy moat de jeugdwurkleazens yn de trije noardlike provinsjes omleech bringe. It jild is bedoeld om benammen jongeren yn de technyk en de soarch oan it wurk te helpen. Dêrfoar moatte âldere wurknimmers dagen ynleverje.

De boargemasters fan Emmen, Assen, Grins en Ljouwert hawwe it plan yntsjinne by it kabinet. Neffens boargemaster Crone fan Ljouwert is de kâns grut dat it jild fan it Ryk der komt. It kabinet en de Twadde Keamer hawwe earder oanjûn de ekonomy helpe te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)