Cambuur yn kategory 2

Alex Pama
Cambuur hat neffens it fuotbalbûn KNVB de finânsjes better foar elkoar. Dêrom is de Ljouwerter fuotbalklub no yndield yn kategory twa. Ferline jier siet Cambuur noch yn de gefaresône, yn de earste kategory. Dat hâlde doe yn dat Cambuur ekstra yn de gaten hâlden waard. Dêrtroch krigen de Ljouwerters ûnder oare punten yn mindering.
Neffens foarsitter Alex Pama skeelde it net folle, of Cambuur wie yndield yn kategory trije.