'Sels beslisse oer sit'

13 jul 2007 - 12:48
  • Der is diskusje binnen de SP oer foarkarstimmen

Minsken dy't mei foarkarstimmen keazen wurde, moatte sels beslisse oft se har sit ynnimme. Dat seit Van der Kolk fan SP. Binnen dy partij wurdt diskusearre oer de fraach oft Duzgun Yldirim fan de SP yn Oerissel syn sit yn de Earste Keamer opjaan moat om't ôfpraat wie gjin foarkarstimmen út te bringen.

Steateleden yn Oerisel wisten neat fan dizze ôfspraak. Ek Van der Kolk krige foarkarstimmen en wie ek net op de hichte fan de ôfspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)