Jong-a-Pin moat ûnder it mes
Hearrenfeanspiler Calvin Jong-a-Pin mist in part fan de tarieding foar it nije fuotbalseizoen. Hy hat lêst fan de mangels en moat operearre wurde. De ferdigener hat in abses yn de kiel en dat is in swierdere yngreep as normaal.
As alles goed ferrint, kin Jong-a-Pin ein july wer traine. Oft er wer op 'e tiid fit is foar it nije seizoen, is noch ûnwis.