Needopfang sa goed as fallyt

Needopfang is sa goed as fallyt
It fallissemint driget foar de needopfang yn Wytmarsum. It slagget it bestjoer net mear om de rekkens te beteljen.
Dat betsjut dat de 74 minsken dy't no noch opfongen wurde op strjitte komme te stean. In lêste oprop oan gemeenten en oare organisaasjes om jild te jaan hat neat opsmiten. Ek oare aksjes wiene net suksesfol. It bestjoer hat sa'n twa ton nedich om it jier noch goed troch te kommen.