Grutte ekspo yn Fries Museum
Yn it Fries Museum yn Ljouwert is fan heal septimber ôf de grutte ynternasjonale moderne keunsttentoanstelling 'Beautiful People' te sjen.
Media, reklame en de moadewrâld litte in byld sjen dat bestiet út oerflakkige en sterile bylden. De Spaanske tentoanstellingmakker Miquel Bardagil hat foar de eksposysje wurken by elkoar brocht dy't oare foarmen fan 'kreazens' sjen litte.