Jongeren komme foar lânskip

12 jul 2007 - 19:58

Sa'n 30 Finske en Tsjechyske jongeren komme takom wike nei Fryslân yn it ramt fan in lânskipswike foar jongeren út de Europeeske Uny.

Dit op útnoeging fan Lânskipsbehear Fryslân en Grinslân. De jongeren sille ûnderbrocht wurde yn Droegeham. De jongeren binne tusken de 18 en 25 jier âld en hawwe affiniteit mei lânskip. Der sil útlis jûn wurde oer lânskipsbehear en der wurde ekskurzjes en workshops organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)