Opnij driging seehûnesykte

Dochs soargen oer útbraak seehûnesykte
De seehûnesykte kin meikoarten mooglik dochs yn Nederlân de kop opstekke. Foar de kust fan Sweden binne tsien deade seehûnen fûn. Ein juny binne ek der al inkele deade eksimplaren oantroffen by Denemarken.
Seehûne-ûndersiker Peter Reijnders spruts tongersdei syn soargen út oer de driigjende sykte. Hy wie te gast by seehûne-opfang Ecomare op Teksel fanwege it 55-jierrich bestean fan de opfang.