Fúzje sikehûs en thússoarch

Sikehûs wurket gear mei thússoarch
It Antonius Sikehûs yn Snits en Thússoarch Súdwest-Fryslân binne sûnt tongersdei ûnderbrocht yn ien oerkoepeljende organisaasje. Doel fan de fúzje is dat de oergong tusken it sikehûs en de situaasje foar de pasjinten thús ferbettere wurdt.
Fierders is der ek gearwurking yn tsjinsten lykas fasiliteiten, personielsaken en finânsjes. Beide organisaasjes sille yn de takomst groeie en de fúzje moat dat opfange.