Dútske sjauffeur foldocht goed

12 jul 2007 - 14:36

Busmaatskippij Connexxion is tefreden oer de Dútske sjauffeurs dy't it bedriuw tydlik ynhiert. De Dútsers wurkje hjir no hast in wike. Se hawwe earst in training fan trije wiken hân.

De tolve sjauffeurs hawwe allegearre ûnderfining. Se hoege net mear ride te learen. Wat se wol leare moasten, wie kennis fan de rûtes, tariven en de taal. Benammen dat lêste fine se it dreechste. De Dútsers binne hjir inkeld yn de simmermoannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)