600 cd's stellen by ynbraak

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert binne seishûndert cd's stellen. De dieven kamen deryn troch in rút stikken te meitsjen. De ynbraak wie yn de nacht fan tiisdei op woansdei.
De plysje stelt in technysk ûndersyk yn nei ynbraak. In 49-jierrige man út Ljouwert hat út namme fan it dupearre winkelbedriuw oanjefte dien fan de stellerij.