Pream bliuwt heakjen yn fyts

11 jul 2007 - 14:45

De stichting Praamvaren hat skjin har nocht fan de troep yn de Ljouwerter stedsgreften. De stichting organisearret rûnfearten troch de Ljouwerter binnenstêd foar toeristen, mar it komt geregeld foar dat de preammen fêst komme te sitten.

Tiisdei rekke de skroef fan ien fan de preammen noch betize yn in fytsframe dat op de boaiem fan de grêft lei. It foarfal gebeurde by de Amelandspiip op de Voorstreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)