Keunst yn Skipfeartmuseum

wurk fan Franco Costa
It skipfeartmuseum yn Snits hat in ûngebrûklike tentoanstelling kommende simmer. Tusken de 17e-ieuwske skipkes hinget no hypermodern wurk fan de wrâldferneamde Italiaanske skilder Franco_Costa.
Net it wurk dat it museum gewoanwei sjen lit, mar de eksposysje kaam dan ek op aparte wize ta stân: de skilder wie útfanhûs by in freon yn Fryslân en ûnder de yndruk fan de wettersport hjir.