Dennard Abraham nei Aris

Dennis Abraham (yn it wyt)
Basketbalclub Aris Friesland hat op 'e nij in Amerikaan oanlutsen. It giet om de 23-jierrige Dennard Abraham. De powerforward is goed 2 meter lang en komt oer fan Townson University. Dêr spile Lawrance Hamm, in oare Aris-spiler, yn it ferline ek.
Abraham is fysyk sterk en hat in goed skot. Neffens coach André Roorda komme der njonken Abraham noch twa Amerikanen nei Ljouwert en dan is de seleksje foar takom seizoen rûn.