Michaud wint skeeleretappe

11 jul 2007 - 09:48

De Frânsman Cédric Michaud hat yn Ommen de 13e etappe fan de World on Wheels-kompetysje wûn. Durk Fabriek fan Haulerwyk waard twadde, foar Sjoerd Huisman dy't tredde waard. It wie foar Durk Fabriek twa jier lyn dat hy op it poadium stie. Doe waard hy tredde yn Twello.

By de froulju wie it brûns yn Ommen foar Elma de Vries fan de Haule. De Australyske Angeline Thomas wûn, Nachi Shinozuka út Japan waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)