Alcides-Hearrenfean 0-8

10 jul 2007 - 23:11

De Sportklub Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Meppel de oefenwedstriid tsjin de amateurs fan sneins earste-klasser Alcides mei 8-0 wûn. By it skoft wie it troch doelpunten fan Thomas Prager, Gonzalo García-García en Jacob Poulsen 3-0.

Mei in folslein nije ploech waard yn de twadde helte de produksje opfierd troch doelpunten fan Niek Loohuis, Rawley Roozendaal, Ugur Yildirim en Arnor Smarason (2x).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)