10.000 euro tipjild foar brân

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in wenpleats oan de Swimmer by Ljouwert jouwe 10.000 euro beleaning foar de oplossing fan in brân. Yn 'e nacht fan 12 op 13 maaie is de pleats oanstutsen. De dieders binne noch altyd net pakt.
Mooglik hawwe besikers fan in festival yn de wyk Suderbuorren wat sjoen. Der is dy nachts om kertier oer fjouweren ek in boatsje fuortfearn út de eigen haven. Minsken dy't wat witte, kinne belje mei de plysje, ek anonym.