Kwikferbod nekt waarglêsmakker

© Omrop Fryslân
Jacob ten Hoeve fan De Jouwer moat ophâlde mei it meitsjen fan Fryske waarglêzen. It Europeesk Parlemint hat de stof kwik ferbean, omdat dy net goed is foar it miljeu en it senuwstelsel oantaastet. Kwik is nedich om waarglêzen te meitsjen.
De Fryske waarglêzen foarmje mear as de helte fan de omset foar Ten Hoeve. Hy tinkt dat er no gjin Fryske barometers mear meitsje kin.