Op proef nei Barcelona

© Omrop Fryslân
Sealfuotballer Erik_van_der_Laan fan Avanti Stiens mei op proef nei Barcelona. By in oefenwedstriid fan Avanti siet in delegaasje fan Barcelona op 'e tribune. Van der Laan makke yndruk mei fjouwer goals.
De spiler moat him no op 8 augustus melde. Hy sil by de nûmer trettjin fan de Spaanske earedivysje proefwedstriden spylje. Van der Laan komt út Veendam en spile earder foar It Hearrenfean en de Leekster Eagles.