Baggerwurk yn Kollumerlân

10 jul 2007 - 15:06

De gemeente Kollumerlân sil dizze simmermoannen de Trekfeart, de Riid en de omlizzende fivers yn Kollum útbaggerje. Dat is goed foar de wetterkwaliteit en de befarberens.

Yn 'e wetters leit in laach blaumodder fan tusken de tweintich en santich sintimeter. Dy is licht oant matich fersmoarge. De modderlaach jout gjin gefaar foar de folkssûnens, mar is wol fan negative ynfloed op 'e wetterkwaliteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)