Snits pakt doweprobleem oan

10 jul 2007 - 14:35
  • De nije dowetil
  • Yn it sintrum skieten de dowen alles derûnder en se makken in soad leven

De gemeente Snits pakt de oerlêst fan dowen oan mei ien nije sintrale dowetil. Benammen yn it sintrum rôpen de bisten in soad argewaasje op. Dat moat no foarby wêze mei it nije ûnderkommen op it feemerkterrein.

Njonken de til stiet dêr ek noch in grut dowehok. In meiwurker fan 'e gemeente fersoarget de fûgels. Yn it sintrum mei de dowen net mear fuorre wurde, oars komme se net werom op 'e til.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)