Blaualch yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn it wetter fan 'e wyk De Loten yn Snits sit blaualch. De gemeente ropt minsken op om net yn kontakt te kommen mei it wetter. De wetterpartijen yn de Loten binne gjin offisjele swimwetters. Der binne warskôgingsbuorden delset en mei grutte pompen wurdt ekstra suerstof yn it wetter pompt.
Blaualch kin ta sûnensklachten liede . It giet om pine yn 'e holle, diarree, hûdklachten, mislikens en koarts.