Achtkarspelen: djoerder bouwe?

10 jul 2007 - 11:46

Bouterreinen yn Achtkarspelen wurde mooglik djoerder. B en W wolle dêr ûndersyk nei dwaan litte. As de gemeente ûnder it 'merkkonform nivo' sit, is der neffens it kolleezje romte om de prizen te ferheegjen.

Oan 'e oare kant wol Achtkarspelen him ek graach ûnderskiede as wengemeente. Dan moatte de prizen foar bouterreinen ek wer net te bot tsjin it plafond sitte, sa litte boargemaster en wethâlders witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)