Flylân: oername RWS-eigendom

10 jul 2007 - 10:31

Flylân wol alles op it eilân fan Rykswettersteat (RWS) oernimme, útsein de fjoertoer. It giet dan om daamwanden, steigers en de haven. Rykswettersteat stjit hieltyd mear eigendommen ôf.

De fjoertoer is op dit stuit te djoer foar Flylân. Njonken de kosten sitte dêr ek in soad ferplichtings oan fêst. Healwei augustus beslút de eilanner gemeenteried oer de oername fan 'e eigendommen fan Rykswettersteat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)