Fytser botst op bus

© Omrop Fryslân
Yn Makkinga is moandei in 83-jierrige fytser ferwûne rekke nei in oanriding mei in streekbus. De bus ried op it Bûterheidefjild yn 'e rjochting fan Trije Tolhekken. De man ried op it fytspad dat parallel oan 'e dyk rint.
De fytser stuts ynienen oer, rekke de linkerkant fan 'e bus en foel doe op de dyk. It slachtoffer is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs brocht.