Kaap Engelsmanplaat werom

10 jul 2007 - 09:22

Waadrinners kinne harren ein dizze wike wer rjochtsje op de Kaap op de Engelsmanplaat yn de Waadsee. It beaken wurdt wer werom pleatst yn de Waadsee.

De âlde kaap is ferline jier novimber troch in stoarm folslein fernield. Omdat der genôch moderne navigaasje-apparatuer beskikber is, wie Rykswettersteat earst net fan doel in nije kaap te pleatsen. Uteinliks kaam de organisaasje dêrop werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)