Hurde wyn spulbrekker WK-silen

10 jul 2007 - 08:01

De Friezen binne moandei net yn aksje kommen op it wrâldkampioenskip silen yn Portugal.

Troch de hurde wyn koene de wedstriden net troch gean. Nei alle gedachten wurde de skraste wedstriden net mear ynhelle. De Friezen prestearje oant no ta goed. Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet twadde yn it algemien klassemint fan de Finn-klasse. Hy hat ien punt efterstân op de koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)