Belch komt net nei Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De Belgyske topskoarer François Sterchele komt NET nei SC Hearrenfean. Dat hat Germinal Beerschot bekend makke, dat is de hjoeddeiske klub fan Sterchele.
Hearrenfean wie it mei Beerschot al iens oer de transfersom. Ofrûne tongersdei wie de spiler sels op it Hearrenfean om mei de klub te praten. Hy kaam úteinlik ta de konklúzje dat er in ferhûzing nei it noarden net sitten sjocht.