Strjitten blank troch hagelbui

Yn Menaam stiene fjouwer strjitten blank nei in swiere hagelbui. Ek Dronryp hat in hiel soad lêst hân fan de hagel. Yn de doarpen en de omjouwing seach it derút as oft it winter wie. Troch in dikke laach hagel wie alles wyt.
De bewenners hawwe winterark fan souder helje moatten om de stoepen skjin te feien. Op guon plakken lei wol tsien sintimeter hagel.