Abseile by Aldehou del

09 jul 2007 - 15:25

Monumintewacht Fryslân ynspektearret dizze wike de Aldehou yn Ljouwert. De meiwurkers sjogge al abseilend it foechwurk nei. Ek sjogge se nei eventuele skuorren. It is makliker om oan in tou te ynspektearjen as om der in steiger foar op te bouwen. De toer liket aardich goed ûnderhâlden.

Ien kear yn de tsien jier wurdt de Aldehou goed neisjoen troch de monumintenwacht. Fan boppe, fan binnen en fan bûten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)