Ald-plysjeman langer yn sel

09 jul 2007 - 14:40

De 48-jierrige âld-plysjeman út Snits dy't trije wike lyn oanhâlden is op fertinking fan omkeaping fan eardere kollega's, bliuwt langer fêstsitten. De rjochter hat de detinsje fan de man mei 90 dagen ferlingd.

De man waard oanhâlden yn in grut ûndersyk nei korrupsje bij de KLPD. De fertochte wurke oant 1992 by de Ryksplysje. Hy soe âld-kollega's omkocht ha en dy ynformaasje trochspile ha oan kriminelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)