Selde leansferheging Glaverbel

© Omrop Fryslân
De fakbûnen prate tiisdeitejûn mei de leden oer de cao foar glêsfabrikant Glaverbel yn Easterwâlde. It bedriuw woe in hegere leansferheging takenne oan de meiwurkers yn Tiel as oan de meiwurkers fan de Fryske festiging. Dêrom leine de 80 meiwurkers fan de festiging yn Easterwâlde ferline wike koart it wurk del.
It ferskil yn beleaning is fan tafel. De direksje wol in takomstich ferskil yn leansferheging wol yn de cao ha.