Mear drugsferslaafden holpen

08 jul 2007 - 16:17

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân hat yn 2006 twahûndert minsken mear holpen as yn 2005. It giet by dy groei om brûkers fan kannabis en kokaïne. Ferslavingssoarch holp ferline jier meiinoar sa'n 2300 kliïnten.

Ferslavingssoarch tinkt dat drank in grutter probleem is as drugs, mar dat in protte alkoholferslaafden harren noait melde. It tal minsken mei in drankprobleem wurdt rûsd op 75.000 minsken yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)