Oanhâldings nei bedriging

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Drachten fjouwer Garypsters en in Burgumer oanhâden op fertinking fan bedriging. De fiif sieten byinoar yn in auto. By in ynhelmanoeuvre op de Suderdwersfeart bedrigen se in bromfytser (17) út Drachten mei in neppistoal.
De bromfytser notearde it kenteken en warskôge de plysje. De fertochten waarden ynsletten. De plysje fûn it neppistoal yn harren auto.