Ynbrekkers oppakt yn K'tille

08 jul 2007 - 15:50

De plysje hat sneontenacht fjouwer manlju oanhâlden neidat se besocht hiene om yn te brekken yn de sportkantine fan Koatstertille. It giet om twa Ljouwerters(19), in Frjentsjer(20) en in Feanwâldster(20).

De fjouwer hiene in rút fan de kantine iepen brutsen en de hele kantine trochsocht, mar dêrby nei alle gedachten neat meinommen. De plysje wie der gau by en koe de manlju even fierderop oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)