Plysje hâldt autodieven oan

08 jul 2007 - 15:44

De plysje hat sneontejûn op 'e Himrik twa Ljouwerters (17 en 18) oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. De plysje seach de auto riden op de Opperhaudmare. Omdat de bestjoerder net reagearre op it stopteken fan 'e plysje waard it in achterfolging.

Doe't de jonges by De Himrik de dearinnende Fabryksleane ynrieden besochten se te ûntkommen troch it fjild yn te draven, mar mei help fan in plysjehûn waarden se gau fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)