Bob de Vries wint NK Klunen

08 jul 2007 - 13:50
  • Langwar wie sneon even Klúnstêd (foto Martin de Jong)
  • De trije winners fan it NK Klunen yn Langwar (foto Martin de Jong)

Bob de Vries fan 'e Haule wûn sneontejûn it NK Klunen yn Langwar yn in tiid fan 4'30". Der wie yn Langwar in baan útset fan 700 meter. Op in lyts part dêrfan koe riden wurde oer in keunststofbaan, dy't neffens organisator Bauke Jonkman likegoed rydt as natueriis.

De dielnimmers moasten stimpelje yn twa kroegen. Dêr waard stimpele troch ûnder oare âld-wraldkampioen Hilbert van der Duim en Klasina Zeinstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)