Wâldrockfestival goed besocht

© Omrop Fryslân
De 20ste edysje fan Wâldrock hat tusken de 6.000 en 6.500 besikers lutsen. Dêrmei is it metalfestival yn Burgum slagge, sa seit de organisaasje.
Grutte publykslûker wiene Within Temptation en de Dropkick Murphys. Foar dizze edysje wie it de fraach oft der takom jier noch in Wâldrock wêze soe. Fanwege de grutte belangstelling dit jier komt der sa goed as wis in 21ste Wâldrock. De pre-party op freedtejûn luts sa'n 1500 minsken.