Jan H. Westra wint De Wylp

07 jul 2007 - 22:56

It wie sneon 'Westra-dei' yn De Wylp. Op de lêste dei fan de meardaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier wûn Lieuwe Westra fan Mûnein de koarte tiidrit. Broer Jan Hendrik wûn letter op de jûn it kritearium.

De oerwinning fan de ynwenner fan Oerterp makke yndruk. Hiel lang ried hy mei Andries Weening en Herman Steensma oer it parkoers. Yn de finale gong Jan Hendrik allinnich oan de haal en wûn. Marco Bos waard einwinner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)