Bergsma sakket ien plakje

© Omrop Fryslân
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is ien plakje sakke yn it algemien klassemint fan de meardaagse fan it Norsk Sykle Festival. Hy stiet nei de tiidrit en de etappe fan sneon op it tredde plak.
Yn de tiidrit wiene de Friezen net geweldich op dreef, yn it kritearium dêrnei waard Bergsma tredde, Fokke Postma fan Drachtsterkompenije fjirde en Willem-Sytse Sipkema fan Akkrum achttjinde. Snein wurdt dizze meardaagse yn Noarwegen ôfsletten.