Tourprolooch Weening yn 9,59

Pieter Weening
Pieter Weening hat sneon de prolooch fan de Tour de France yn Londen ôfsletten op it 153ste plak. De ynwenner fan De Harkema die oer de 7.9 kilometer tsien minuten.
Winner waard de Switser Fabian Cancellara. Hy ried hast 54 kilometer yn de oere en hie ien minút en tsien tellen koarter wurk as Weening. Snein is de earste etappe fan Londen nei Canterbury oer 203 kilometer.