Trouwe op 7-7-7

07 jul 2007 - 15:18
  • Jelle de Vries en Clasina Wijmenga fan Drachten trouden yn Burgum

Op in soad gemeentehûzen yn Fryslân wie it sneon drok mei trouwerijen. Dat hat te krijen mei de datum 7 july 2007, oftewol 7-7-7. Dêrom waard der, foar in sneon, massaal troud. Guon gemeenten hiene allinne dizze sneon al likefolle trouwerijen as gewoanwei yn in hiel jier.

De earstfolgjende 'maklike' datum is 8-8-8. De reservearrings dêrfoar binne by guon gemeenten ek al binnenkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)