Spoarbrêge wurdt ferfongen

© Omrop Fryslân
Yn Akkrum is sneon mei in grutte kraan de spoarbrêge fuorthelle. De 15 ton swiere brêge wurdt ferfongen troch in nijenien. Dy brêge makket minder leven as der treinen oerhinne ride as de âlde Boarnse draaibrêge.
De ferfanging fan 'e brêge is ûnderdiel fan fjirtjin wurksemheden oan it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De nije brêge wurdt in stik heger as de âlde, sadat der mear plesierboaten ûndertroch farre kinne.