Stellerij út konteners

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert en Snits is freed ynbrutsen yn konteners. Yn Ljouwert wie dat op it parkearterrein fan in bedriuw oan de Orionwei. Ut de kontener dêr waard in lytse trekker stellen. Ek waard ark, disel en benzine meinommen.
Yn Snits wie de stellerij oan de Dagpauwoog. Ek dy kontener waard iepenbrutsen. Der waard in kroadefol skroeven en boaren stellen. De skea rint yn de tûzenen euro's.