Run op sinnereizen

07 jul 2007 - 13:02

It tal last-minute-boekings nei de sinne leit dizze wiken de helte heger as yn deselde perioade ferline jier. Fanwege it minne waar en de kjeld yn Nederlân boeke minsken massaal in reis nei waarmere gebieten mei in soad sinneskyn.

De reisburo's yn Fryslân hawwe it smoordrok alle klanten in reis te ferkeapjen. Minsken stean betiden de doarren út yn 'e rige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)